"Grutsk op gouden Epke"

13 okt 2014 - 07:25
  • Epke mei de gouden medalje

Herre Zonderland, âld-turner en broer fan Epke, is tige grutsk op de prestaasje fan syn broer. Epke Zonderland helle snein foar de twadde kear op rige de gouden medalje by it WK turnjen yn it Sineeske Nanning troch in fantastyske rekstôkoefening del te setten.

It gong Herre wat te fier om foar ien wykein nei Sina te fleanen, dus folge hy de gouden finale op 'e televyzje yn Nederlân. De hege skoare en it feit dat Epke de winst pakte yn "it hol fan de draak", makke de prestaasje foar Herre ekstra bysûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)