Gruthertoch Lúksemburch komt

28 mrt 2006 - 17:48

De Gruthertoch en Gruthertogin fan Lúksemburch binne op tiisdei 25 april yn Fryslân. Se gean yn Ljouwert nei de Grutte Tsjerke dêr't foarâlden byset binne. Fierders gean se nei it Van Hall Ynstitút en nei wetterûndersyksynstitút Wetsus. Ut Earnewâld wei meitsje se in boattocht oer de Fryske wetters.

De Lúksemburchske 'edelen' komme de deis foar harren besite oan Fryslân yn Nederlân oan. Se slute har Steatsbesite de woansdeis ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)