Gruthannel yn boeken iepene

06 jun 2008 - 16:27
  • De nije gruthannel yn boeken

De kâns is grut dat de nije gruthannel yn boeken fan Steven Sterk op De Gordyk oer in pear jier al wer te lyts is. Dat sei Sterk freedtemiddei by de iepening fan syn nije ûnderkommen op it bedriuweterrein op De Gordyk.

Sterk hat syn aktiviteiten yn ferbân mei romtegebrek ferpleatst fan Utert nei De Gordyk. It bedriuw hâldt him dwaande mei de ferkeap fan saneamde ramsj-boeken. Dat betsjut dat Sterk grutte partijen boeken opkeapet en wer trochferkeapet oan boekhannels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)