Gruthannel Lampenier fallyt

25 nov 2008 - 12:05
  • It faillisemint hat gjin gefolgen foar de Fryske winkels

De gruthannel fan ferljochtingsketen Lampenier is fallyt ferklearre. De Lampenier hat 58 festigingen yn Nederlân en ek trije yn Fryslân, yn Ljouwert, op It Hearrenfean en op De Jouwer. De winkels sels fernimme neat fan it fallisemint en kinne gewoan troch. De gruthannel hie oprinnende skulden.

It ôfrûne wykein wiene der neffens de fransjizenimmer op It Hearrenfean noch ferskate petearen om de problemen op te lossen, mar dat is net slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)