Gruthannel Kooyman docht goede saken op Oerol

17 jun 2015 - 21:22
  • Winkelwein fol mei boadskippen

It begûn 34 jier lyn mei in pear kratsjes bier en wat frikadellen út de djipfries. Mar dat is neat mear by it guod dat gruthannel Kooyman op Skylge dizze wiken nei it eilân bringt.

De gruthannel belibbet mei Oerol de allerdrokste dagen fan it jier. Fan moarns sân oant jûns tsien wurdt der manmachtich wurke om alle minsken op Oerol fan iten en drinken te foarsjen. Benammen tomateblokjes, bier en sjips binne net oan te slepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)