Gruthannel bringt 9500 produkten foar Voedselbankaksje

10 des 2015 - 11:51
  • De pallets mei 9500 produkten foar de Fryske itensbanken

In flinke opstekker foar de aksje 'Samen voor de Voedselbank'. Gruthannel Deli XL brocht tongersdei twa pallets fol mei itensguod by it gebou fan Omrop Fryslân. Al mei al giet it om 9500 produkten mei in totale wearde fan 7000 euro. De gruthannel hat it guod ynsammele by syn leveransiers.

Der sit fan alles tusken, fan sjerpwafels oant toskpoetsersguod en fan mayonêze oant kofje. 

 

Sa! Dat is in soad iten foar de #Voedselbank. Dankewol #DeliXL. #VB15 #OmropFryslan

Een video die is geplaatst door Omrop Fryslân (@omropfryslan) op

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)