Grut yndustryterrein Sint Nyk

17 mrt 2009 - 12:06

It yndustryterrein fan St._Nyk is nei in oankundige útwreiding "gigantysk grut" yn ferhâlding ta de rest fan it doarp, mar ûndernimmers binne der wiis mei. De gemeente Skarsterlân jout oan dat noch dit jier begûn wurde kin mei de útwreiding fan bedriuweterrein Slotmolen.

It giet om in útwreiding fan fiif bunder en der is plak foar 35 bedriuwen. Dy komme op ien nei allegear út Sint Nyk sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)