Grut wynmûnepark by Skier

07 okt 2008 - 14:06

Enerzjyprodusint RWE wol miljarden ynvestearje yn twa grutte wynmûneparken yn de Noardsee. Ien dêrfan soe sa´n 70 kilometer boppe Skiermûntseach komme moatte. Mei de parken wurde goed 2,5 miljoen húshâldens yn it jier fan griene stroom foarsjoen.

Mei-inoar moatte der 400 wynmûnes komme. Dy wurde goed 90 meter heech. Dêrmei binne it de heechste turbines fan Nederlân. De mûnen komme yn in spesjale betonnen konstruksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)