Grut winkeloanbod Dokkum

07 maaie 2012 - 19:10
  • Binnenstêd Dokkum

Dokkum docht it goed as winkelstêd. De stêd mei sa'n 13 tûzen ynwenners hat in winkeloanbod dat te fergelykjen is mei in plak mei sa'n 25 tûzen ynwenners. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de gemeente Dongeradiel ferline jier dwaan litten hat.

Hjirút docht ek bliken dat Dokkum as winkelstêd minsken út de wide omjouwing lûkt, nettsjinsteande dat de stêd te krijen hat mei leechstân. De resultaten fan it ûndersyk wurde mei de ûndernimmers bepraat. Dêrneist wurde se brûkt foar takomstich belied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)