Grut Van der Valk-hotel yn Snits

10 jun 2001 - 00:00

Der komt in grut Van der Valk-hotel mei 120 keamers oan de súdkant fan Snits by de A7. Dat wurdt neist Hurdegaryp, Wolvegea en Drachten de fjirde fêstiging fan it concern. It hotel kostet 18 miljoen gûne en moat yn 2004 klear wêze.

Van der Valk rekkent op klanten út de sakewrâld en toeristen. Yn it hotel sille sa'n 100 minsken wurkje. Mei bedriuwen út Snits wurdt in gearwurking socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)