Grut ûndersyk nei it Frysk

28 sep 2013 - 17:21
  • Betinking Slach by Warns

Der komt wer in nij grut ûndersyk nei it brûken fan de Fryske taal. De Fryske Akademy set dêr takom jier mei útein. Dat makke direkteur Rein Salverda fan de Fryske Akademy sneontemiddei bekend by de Betinking fan de Slach by Warns. Der wiene behoarlik wat minsken op ôfkaam. Dy hearden njonken Salverda ek foarsitter Geert Benedicutus fan de Ried fan de Fryske Beweging praten oer it tema 'Gean foar it Frysk'.

Salverda joech in hantlieding foar it brûken fan it Frysk en Benedictus trune Friezen derop oan harren net te gau te ferbrekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)