Grut ûndersyk nei byntwurken fan pleatsen

20 jan 2015 - 16:33
  • (foto-ympresje)

Byntwurken fan pleatsen yn Fryslân wurde no ek ynternasjonaal ûndersocht. Nei it ûndersyk fan Paul Borghaerts fan Easterein sil no ek in Dútske wittenskipper oan de slach mei ûndersyk nei de krekte âldens fan pleatsen en boereskuorren. Borghaerts fan Easterein hat sels in pleats en kaam der achter dat dy âlder wie as tocht, troch ûndersyk nei de draachkonstruksje fan de skuorre. Dêrnei folgen 64 oare pleatsen en skuorren.

Ynternasjonaal wittenskipper Erhard Pressler pikt it ûndersyk no op.

Hy docht al jierren ûndersyk nei pleatsen fan Frankryk oant Skandinavië en wol graach helpe. Takom jier sil Borghaerts publisearje oer syn ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)