Grut ûnderhâld Timpeltsje

17 maaie 2002 - 00:00

Op de Seedyk by Marrum wie it freed nei njoggen jier tiid foar grut ûnderhâld oan it timpeltsje fan keunstner Ids Willemsma. De bulte grûn dy't op it dak leit, wie troch wyn en rein ynklonken en foar in part fuortwaaid.

Mei in grutte kraan waard der nije grûn opbrocht, wêrnei't hoveniers alles moai útflakten. Willemsma seach der sels op ta dat it der kreas by kaam te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)