Grut ûnderhâld slúsdoarren

04 apr 2006 - 15:35

Mei grut materieel binne tiisdei de doarren fan 'e Willem Loréslûs by Dokkumer Nijesilen foar grut ûnderhâld út de skarnieren tild. De twa 'bûtenfloedddoarren' weagje sa'n 2,5 ton, binne 4 meter breed en 9 meter lang. De doarren wurde brûkt foar it kearen fan'e hege wetterstannen op it Lauwersmar. Troch it ûnderhâld hat de skipfeart op 'e Lauwersmar de hiele dei stremd west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)