Grut ûnderhâld oan A7

08 aug 2013 - 17:18

Op de A7 tusken Beetstersweach en De Tynje hâldt Rykswettersteat fan moandei 12 augustus oant en mei 23 augustus grut ûnderhâld. Tusken healwei seizen middeis en de oare moarns healwei sânen is ien rydbaan iepen. Der mei net hurder riden wurde as 70 kilometer yn 'e oere. Op guon tiden sille op- en ôfritten ticht wêze. Ferkear wurdt omlaat.

De op- en ôfrit nei De Tynje is ôfsluten fan woansdei 14 augustus oant tongersdei 15 augustus, fan freed 16 augustus oant sneon 17 augustus en fan moandei 19 augustus oant tiisdei 20 augustus. De ôfslutings duorje alle kearen fan njoggen oere jûns oant de oare moarns seis oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)