Grut tekoart oan seelju

24 mrt 2007 - 10:03

In grut tal bedriuwen sitte te springen om studinten fan de seefeartskoalle op Skylge. Sa'n 28 bedriuwen presintearren harren freed op it eilân.

Sneon is der noch in iepen dei. De bedriuwen hiene mar ien ding foar eagen en dat wie nije wurknimmers binnenhelje foar de skipssektor, dy't hieltyd mear oanlûkt. In protte guod komt yn dizze tiid út Sjina en dat kin it bêste ferfierd wurde mei de boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)