Grut tekoart oan reiddekkers

11 maaie 2014 - 15:40
  • Reiddekker oan it wurk

Der driget in grut tekoart oan reiddekkers yn Fryslân. Dat seit direkteur Jeroen ten Brink fan útstjoerburo Fritech. Yn it noardeasten fan ús provinsje sitte tsientallen lytse bedriuwen mei faak mar in pear man personiel.

Troch fergrizing en it minne imago fan de bou binne der aanst tsientallen reiddekkers ekstra nedich, sa is de ferwachting. Op tongersdei 22 maaie organissearret Fritech dêrom in ynformaasjebyienkomst foar it wurkgelegenheidsprojekt "Je kunt het dak op".

It útstjoerburo hopet op syn minst op sechstjin belangstellenden dy't yn septimber mei de reiddekkersoplieding útein sette wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)