Grut tekoart oan frijwilligers

23 jul 2008 - 20:01

It regiokantoar fan Slachtofferhelp yn Drachten hat driuwend ferlet fan nije meiwurkers. It giet om minsken dy't tillefoanysk slachtoffers fan ûngelokken en misdriuwen belje mei de fraach oft se ek help ha wolle. Der binne no 15 frijwilligers dy't dit wurk dogge, mar der wurde noch op syn minst 15 ekstra socht.

Yn septimber begjint de organisaasje in publykskampanje foar nije frijwilligers. It buro ferwurket elk jier 16.0000 oanmeldings foar help.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)