Grut tal stellerijen oplost

19 jul 2006 - 10:54

Mei de oanhâlding fan in man fan 22 út Twizelerheide en ien fan 21 út De Westerein hat de plysje in grut tal stellerijen oplost. De twa binne ein maaie al oppakt. By har thús waard in soad fan it stellen guod weromfûn.

It giet ûnder oare om boaten, bûtenboardmotors, in gaskachel en in fakuümpomp. De manlju wiene aktyf yn ûnder oare Grou, Ljouwert, Dokkum en Kollum. De man út De Westerein is al wer frij, syn maat sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)