Grut tal Fryske falliseminten

01 maaie 2009 - 15:00

It tal falliseminten yn Fryslân is it ofrûne fearnsjier mei sa'n 80 persint tanaam. Dat seit de Snitser advokaat Dick Poiesz dy't lid is fan de fallisemintkommisje fan de Oarder fan Advokaten.

Yn de earste moannen fan dit jier binne der 74 bedriuwen fallyt ferklearre, ferline jier yn deselde perioade 41. Lanlik leit de taname fan falliseminten op 32 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)