Grut tal beswieren tsjin boetes

05 apr 2003 - 00:00

It tal protesten tsjin ferkearsboetes is yn 2002 mei mear as de helte tanaam. Dat docht bliken út sifers fan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert oer ferline jier. Mei inoar waarden der mear as 10.000 protesten yntsjinne.

It grutte tal protesten soarget derfoar dat it langer duorret foar't in beswier behannele wurdt. Haadoffisier Den Hollander is net bliid mei it grutte tal beswieren. De measte beswieren wurde neffens him dochs ôfwiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)