Grut stik natuer ôfbaarnd

11 jul 2008 - 22:17
  • Grutte skea oan it dún (Foto:Jan van Os)

Tichtby de fjoertoer op It Amelân is freedtejûn in grut stik natuer ôfbaarnd. Tusken de twatûzen en trijetûzen kante meter helmgers gong ferlern. De brânwacht sette trije auto's yn om it fjoer te bestriden.

De brân wie gau ûnder kontrôle, mar troch de hurde wyn is der toch in flink stik grien ôfbaarnd. Probleem is dat de grûn wol wieter wurden is troch de buien fan de ôfrûne dagen, mar it helmgêrs dat der boppe út stekt is noch hieltyd koarkdroech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)