'Grut otternêst ferbaarnd'

11 apr 2008 - 20:40

Steatsboskbehear hat yn nasjonaal park de Weerribben in grut otternêst ôfbaarne litten foar de reidtylt. Mei dy beskuldiging komt de Stichting Otterstation Nederland yn Ljouwert.

It otternêst wie in 15 meter lang kompleks fan grutte pollen. Dy binne swier skansearre rekke, seit it Otterstation. Steatsboskbehear seit yn in reaksje fan neat te witten. Der soe de lêste tiid net op grutte skaal reid ôfbaarnd wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)