Grut mar by Aldegea

10 mrt 2003 - 00:00

Der komt miskien in grut mar by Aldegea yn de gemeente Smellingerlân. De mar moat hûnderten bunder grut wurde. De gemeente wol sa besykje mear toeristen te lûken en de Alde Feanen ûntleste.

Moandei ha wethâlders Rozema en Pultrum it plan presinteard. De mar komt tusken de Wiide Ie en de Mûntsje Ie. De Sanding en de Gealannen soene dan ûntpoldere wurde moatte. Meikoarten komt der in ûndersyk nei de eksakte lokaasje fan de mar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)