Grut Lankum einliks iepen foar potinsjele bewenners

13 aug 2015 - 16:46
  • De bûtenkant fan it nije gebou
  • It gebou eartiids

It hie eins al trije jier klear wêze moatten, mar tongersdei koene potinsjele bewenners foar it earst it ferboude psychiatrysk sikehûs Grut Lankum yn Frjentsjer besjen. It histoaryske gebou is no in wensoarchkompleks mei 70 lúkse apparteminten foar rike âlderen.

De bou fan Kenings State rûn fertraging op, omdat de opdrachtjouwer de finansiering net rûn krige. Tongersdei mochten de earste minsken nei binnen om it modelappartemint te besjen. Yn novimber moat it kompleks oplevere wurde.

De earste projektûntwikkeler Predium BV gong fallyt. Yn 2010 waard European Care Residence eigener en hie 15 miljoen euro klear lizzen foar de renovaasje fan it prachtige gebou oan de râne fan de stêd. Mar de krisis kaam en neidat de earste 7,5 miljoen brûkt wie foar de binnenkant wie it jild op. De bou hat doe sa'n twa jier stillein en koe troch in liening (wurkje foar Fryslân) fan de provinsje wer oppakt wurde. Tongersdei dus in spannende dei. De earste potinsjele bewenners koene in besite bringe oan in modelwenning, fan alle gemakken foarsjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)