Grut kontrakt foar Mink

29 mrt 2005 - 16:04

De Lemster rockband Mink hat in grut platekontrakt yn de wacht sleept. De band hat in kontrakt tekene by it label van Willem van Kooten. Dy wie tige ûnder de yndruk fan de stim fan sjongeres Minke Adema. Neffens har kin dit in trochbraak yn Nederlân bestjutte.

De band sjongt yn it Frysk, mar der komt in Ingelsktalich nûmer út op single. De cd moat ein april yn de winkels lizze. Fierders wurdt der hurd wurke oan trije albums.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)