Grut konsert mei Friesland Vaart

11 jun 2002 - 00:00

Friesland Vaart docht sneon 22 juny de Fryske haadstêd oan. Tusken 14.00 en 17.00 oere komt de float fan 300 boaten oan. Jûns is yn de Prinsetún in grut, fergees, konsertspektakel.

Brassband De Bazuin en Di Goyem spylje, en Marco Bakker en Margriet Eshuis. Pierre Kartner (Vader Abraham) sjongt Het Kleine Café aan de Haven yn it Frysk. Dêrnei is bûten in film te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)