Grut graffiti-keunstwurk

14 aug 2003 - 00:00

Ljouwert krijt in graffiti-keunstwurk fan 175 meter lang en 2.70 meter heech. De graffitikeunst komt op in lûdswâl dat in nij te bouwen apparteminte- kompleks ôfskermje moat fan it treinstasjon yn Ljouwert. De keunst is te sjen oan de kant fan it spoar.

Ien helte fan de muorre krijt it tema 'reizgje nei it ûnbekende', de oare helte stiet yn it teken fan 'Ljouwert, haadstêd fan Fryslân'. Takom jier begjinne de spuiters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)