Grut gat yn kade Drachten

01 jul 2011 - 10:05
  • (foto: Omrop Fryslân / Wytse Vellinga)

Yn de kade oan De Lier yn Drachten is in gat slein fan hast 18 kante meter yn de bestrjitting. It gat is hast trije meter djip. It gat is woansdei ûntstien troch it foarby farren fan sleepboaten, dy't in grutte kraan ferfierden. Dat hie sa'n grutte sûgjende wurking dat it sân ûnder de bestrjitting fuortslein waard.

De gemeente hat de strjitte ôfset. Nije wike sil begûn wurde mei de reperaasje. Dy reparaasje kin neffens de gemeente wol trije wike duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)