Grut gaslek yn Boalsert

19 maaie 2005 - 16:21

Yn Boalsert binne woansdei twa strjitten ûntromme fanwege in gaslek. Bewenners oan de Mieden en de Bunders moasten fan de brânwacht it hûs út. Se waarden opheind yn in sporthal.

It lek ûntstie oan de Bunders by graafwurk. Neffens in wurdfierder fan enerzjybedriuw Essent is it lek yntusken wer ticht makke. De bewenners meie noch net werom nei harren hûs. De brânwacht wol earst it gebiet ynspektearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)