Grut gaslek op 'e Tynje

21 apr 2008 - 16:18

Der wie in grut gaslek moandeitemoarn tichtby twa basisskoallen op 'e Tynje. In grutte gaslieding waard rekke troch in kraan. It gaslek ûntstie flak foar it middeisskoft fan de bern.

Trochdat de wyn geunstich wie, hat de situaasje net echt gefaarlik west. Dochs mochten de bern fan ien skoalle wat langer skoft hâlde. De direksje fan 'e skoalle besleat dat yn oerlis mei de brânwacht fan Drachten. It gaslek wie om 13.30 wer ticht, de bern koene om 14.00 oere wer nei skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)