Grut fuotbalfeest yn Harns

06 jul 2014 - 10:28
  • In soad minsken seagen yn de Harnzer haven nei de fuotbalwedstriid

In pear tûzen minsken folgen sneontenacht yn de Harnzer Willemshaven de fuotbalwedstriid Nederlân-Kosta Rika op in grut skerm. It grutte skerm stie dêr net allinnich foar Harnzers, mar ek foar alle ynternasjonale gasten fan de Tall Ships Race. Dy makken tankber gebrûk fan de mooglikheid om de wedstriid te besjen. Der wiene ek in soad Dútsers, mar dy fersekeren de Harnzers dat se by dizze wedstriid foar Oranje wiene.

Nederlân spile, lykas bekend, yn Salvador tsjin Kosta Rika. Nederlân wûn nei it nimmen fan strafskoppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)