Grut Frysk Diktee lûkt soad nije dielnimmers

19 apr 2016 - 17:16

Der hawwe in soad nije minsken meidien oan it kwalifikaasjediktee fan it Grut Frysk Diktee op 10 maaie. 134 minsken hawwe besocht in finaleplak te bemachtigjen. Dat binne sawat likefolle ynstjoerders as yn 2015, mar twatredde fan de ynstjoerders die ferline jier net mei. Der geane 34 ynstjoerders troch nei de finale.

Bekende Friezen dy't meidogge binne Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening, presintator Welmoed Sijtsma fan it Jeugdjournaal, deputearren Sietske Poepjes en Johannes Kramer en sjonger Meindert Talma.

Sosjale media en tv

De dikteetekst is dit jier skreaun troch skriuwer en sjoernalist Sietse de Vries. De kwalifikaasje luts op 'e sosjale media ek de oandacht, hûnderten minsken diene mei oan de lytse staveringopdrachten dy't Omrop Fryslân ferspraat hie op Facebook.

De finale yn 'e steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert wurdt in dei letter op telefyzje útstjoerd troch Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)