Grut ferlet oan faklju

17 aug 2006 - 11:08

It is foar boubedriuwen yn Fryslân op it stuit in toer om oan goed kwalifiseard personeel te kommen. Dat seit Piet Rooks fan it útstjoerburo Special Products yn Drachten. It bedriuw hat mear as 150 mitselders, stukadoars en boufakkers nedich.

Der binne noch folle mear sektoren dêr't it dreech is om oan minsken te kommen. Ek de horeka en saaklike tsjinstferliening hawwe ferlet fan kundich personeel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)