Grut ferlet fan skipsbouwers

15 nov 2012 - 20:32

Yn de Fryske skipsbou driget in grut tekoart oan personiel. Tusken no en 2020 hawwe de bedriuwen ferlet fan tûzenen nije minsken. Yn hiel Nederlân giet it sels om 40.000. It personielsbestân yn de skipsbou is bot oan it fergriizjen en der komme te min studinten fan de opliedings. Op fersyk fan de skipsbousektor is opliedingssintrum Friese Poort dêrom koartlyn starten mei in tal nije skipsbou-opliedings. Tongersdei waard yn Snits in nije skipswerf iepene spesjaal foar de studinten fan dy opliedings.

Oant no ta hawwe dy opliedings fan Friese Poort rûchwei 125 studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)