Grut ferlet fan reiddekkers

02 jun 2014 - 08:15

Der is grut ferlet fan reiddekkers yn Fryslân. Der is kwalik ynstream fan jongeren, wylst in soad âldere meiwurkers dermei ophâlde. Reiddekkersbedriuw Bate Batema út Kollumersweach is op syk nei jongeren fan in jier of 19, dy't as learling-reiddekkers oan de slach wolle. Neffens Batema is it tige dreech om motivearre personiel te krijen.

Utstjoerburo Fritech hat it wurkgelegenheidsprojekt 'Je kunt het dak op' opset. It hopet dêrmei op syn minst 16 belangstellenden te finen dy't dit jier mei de reiddekkersoplieding begjinne wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)