Grut ferlet fan pleechgesinnen

10 nov 2012 - 15:17
  • Pleechmem frou Schaafsma op It Hearrenfean
  • Der is yn Fryslân ferlet fan 100 pleechhúshâldings
  • Keamer by it pleechgesin op It Hearrenfean
  • De keamer by it pleechgesin op It Hearrenfean

Der is yn Fryslân driuwend ferlet fan sa'n hûndert pleechgesinnen, omdat der hieltyd mear pleechbern komme. It wie sneon iepen dei by de pleechgesinnen thús. De famylje Schaafsma fan It Hearrenfean fangt al jierren pleechbern op en die ek mei oan de iepen dei.

De famylje Schaafsma hat de ôfrûne tsien jier in goeie hûndert bern opfongen. Op dit stuit wenje der fjouwer pleechbern, yn de leeftiid fan 12 oant 19 jier. Sels hawwe se trije bern fan 15, 17 en 19 jier. De eigen bern fine it gewoan dat der altyd mear bern yn hûs binne.

De iepen dei luts net in soad minsken. Der ha sneon yn Fryslân mar seis minsken op besite west op de iepen dei by ien fan de pleechgesinnen thús. Tal fan pleechgesinnen sieten juster klear om minsken te fertellen hoe't it is om bern op te fangen. Mar in soad belangstelling wie der net. Lanlik ha der 350 minsken op de iepen dei west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)