Grut ferlet fan bloeddonoaren

17 jun 2014 - 11:53

Bloedbank Sanquin hat hieltyd ferlet fan nije donoaren. It oantal bloeddonoaren yn Nederlân nimt noch hieltyd ôf. Yn 2000 wiene der noch 625.000 minsken dy't bloed of plasma joegen, no binne dat der noch mar 370.000.

Bloedbank Sanquin freget donoaren no oft sy noch minsken witte dy't ek bloed jaan wolle. Dêrneist krije sy it fersyk om faker bloed te jaan. Sa moat foarkaam wurde dat der in tekoart oan bloed ûntstiet. Dêr is no noch gjin sprake fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)