Grut feest yn Grou

14 aug 2000 - 17:15

De huldiging fan SKS-winner Berend Mink yn Grou sneontejûn wie ien grut feest. Ynwenners klapten en songen entûsjast op de kades doe't it skûtsje mei skipper en trettjin bemanningsleden oankaam.

Under begelieding fan de Blauhúster Dakkapel rûnen de winners troch it doarp nei it Halbertsmaplein. Hiel Grou wie dêr om it sukses te fieren. Offisjele lokwinsken kamen fan de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)