Grut feest nei ôfrin fan PC

02 aug 2007 - 13:44
  • in grut feest jout in soad ôffal

It wie in grut feest woansdei yn Frjentsjer nei ôfrin fan de PC. Sa'n 25.000 minsken kamen nei de stêd ta. Tsientûzen dêrfan seagen de keatserij op it Sjûkelân.

Tongersdeitemoarn wienen grutte bulten kofjebekers, kessentsjes en in hiel soad plestik bierglêzen stille tsjûgen fan it feest. It feest is sûnder problemen ferrûn en de hoareka hie gelok mei de terrastemperatueren oant let yn de nacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)