Grut draachflak foar stipe omrop

08 okt 2001 - 00:00

Der is yn 'e steaten in breed draachflak foar it plan om Omrop Fryslân dit jier en yn 2002 en 2003 oanfollende subsydzje te jaan. Net ien partij wie moandei tsjin it foarstel om de Omrop trije kear 1,7 miljoen gûne te jaan foar TV-drama en foar 'ferbreding en ferdjipping'.

CDA, Grien Links, FNP, D66 en Gemeentebelangen wolle Omrop Fryslân mear stipe jaan, ûnder oare foar de website.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)