Grut ûnderhâld brêgen

21 des 2011 - 09:38

De provinsje Fryslan stekt de kommende tritich jier 130 miljoen euro yn it opknappen fan brêgen, slûzen en fiadukten. Sa wurdt de brêge yn it streamkanaal by De Lemmer ferfongen troch in nije fêste brêge. De brêge yn it Van Panhuyskanaal by Parregea wurdt ek oanpakt. It fiadukt by Winsum is ien fan de earste objekten dy't oanpakt wurde.

In soad brêgen, slûzen en fiadukten binne oan grut ûnderhâld ta. Der is noch gjin sprake fan gefaarlike situaasjes of kâns op ûngelokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)