Grûneigner hâldt de saak op

10 jul 2000 - 13:39

In ûnwillige grûneigner sit de gemeente Snits dwers by de realisaasje fan yndustryterrein De Hemmen. Oan no ta is 4,5 bunder klear. In grut part dêrfan is ek al fersein. Mar der moat nochris 30 bunder bykocht wurde.

It slagget de gemeente mar net de grûn oan te keapjen. Wethâlder Middelhof hâldt de moed der lykwols yn. It nije yndustryterrein leit by Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)