Grûndelgong op aginda Keamer

06 mrt 2007 - 09:48
  • Diederik Samson
  • Pauline Smeets

De PvdA-keamerleden Diederik Samson en Pauline Smeets hawwe de foarsitter fan de fêste keamerkommisje foar ekonomyske saken frege de grûndelgong yn Frjentsjerteradiel direkt op de aginda te setten.

Dat betsjut dat de minister fan EZ iepening fan saken jaan moat yn de Twadde Keamer oer de troch it Wetterskip konstatearre delgong fan 13 sintimeter, wylst ôfpraten wie dat 8 sintimeter it maksimum wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)