Grûnbelied moat winstjaander

06 jun 2007 - 12:14

De gemeente Ljouwert moat har better rjochtsje op meitsjen fan winst mei har grûnbelied. Dat is de konklúzje fan de gemeentlike rekkenkeamer nei in ûndersyk nei it Ljouwerter grûnbelied.

Woansdei presintearre de rekkenkeamer dat ûndersyk. Opbringsten moatte brûkt wurde om minder rendabele nijbouplannen te finansierjen. Amtners moatte tûker ûnderhânnelje mei bou-ûndernimmers: it mes moat faker op tafel, fynt de rekkenkeamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)