Grûn ûnteigenje foar fytspaad

31 mrt 2006 - 12:51

De oanlis fan it fytspaad lâns de Boelenswei by Boelensloane rint opnij fertraging op. It slagget Achtkarspelen mar net alle nedige grûn oan te keapjen. De gemeente wol no oergean op ûnteigening.

Boelensloane wachtet al jierren op it fytspaad dat foar skoaljeugd rjochting Surhústerfean fan grut belang is. Dy moatte no noch oer in ûnfeilige dyk. Pleatslik Belang ferwachtet dat de oanlis net earder as yn 2008 begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)