Grûn Sintrale As opeaskje

17 feb 2014 - 22:11
  • Website decentraleas.nl

De Provinsje Fryslân kin de grûn dy't nedich is foar de oanlis fan de Sintrale As opeaskje. Dêr hat de provinsje tastimming foar krigen fan it regear. Wannear't eigeners net frijwillich harren grûn ferkeapje wolle, sil it ûnteigene wurde.

Op dit stuit hat de provinsje likernôch trijekwart fan de grûn al yn besit. Mei de rest fan de grûneigeners wurdt noch ûnderhannele. De provinsje hopet begjin 2015 alle grûn foar de oanlis fan de nije dyk yn besit te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)