Grûn moat minder gau sakje

20 apr 2005 - 08:05

Wetterskip Fryslân wol it sakjen fan de grûn yn feangebieten op grutte skaal tsjingean troch simmers it wetterpeil te ferheegjen. It giet dan 15 of 20 sintimeter omheech. Dêrtroch sakket de grûn in kwart minder gau as no. Dat kin sûnder dat boeren der echt lêst fan ha.

Dat docht bliken út in proef by fiif boerebedriuwen. Dat de grûn minder gau sakket, is fan belang om't troch dat sakjen in soad skea ûntstiet. Der komme twa diskusjejûnen oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)