Grûn Hearrenfean ferkeapje

09 nov 2012 - 14:27

De gemeente Hearrenfean sil sjen nei de mooglikheden foar ferkeap fan gemeentegrûn om sa in skuld fan 173 miljoen euro ôf te lossen. De aksje komt nei in moasje fan it CDA yn de gemeenteried. De partij wol dat de gemeente grûn ferkeapet, om't dy neffens harren kocht is mei liend jild. Dêroer moat no miljoenen oan rinte en ôflossings betelle wurde. Neffens de partij wurdt de romte net mear folboud, en soe it better wêze om de grûn te ferkeapjen.

De gemeenteried fan Hearrenfean hat de moasje mei in mearderheid oannaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)