Grousters stean stil by 125-jierrich bestean Halbertsma

18 apr 2016 - 19:46
  • In frachtwein fan Halbertsma

De kommisje Ofskie Halbertsmafabriken sil op 29 oktober stilstean by it feit dat it 125 jier lyn is dat Hidde Halbertsma mei de houtseagerij begûn. It bedriuw groeide út ta Halbertsma Pallets en Halbertsma Deuren. It palletbedriuw ferhuze yn 2013 nei in oare fêstiging fan de nije eigener Faber Halbertsma. In diel fan it bedriuw is sloopt.

De fabriken fan Halbertsma hawwe altyd fan grutte ynfloed west yn Grou. De kommisje wol dêrom op feestlike wize ôfskied nimme. Ald-meiwurkers kinne harren opjaan foar it feest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)